Bauke Vaatstra wol yn petear mei Jasper S.

Bauke Vaatstra wol yn petear mei Jasper S., de moardner fan syn dochter Marianne. Dat seit er yn in dokumintêre fan Omrop Fryslân oer 'herstelrjocht', in streaming yn it strafrjocht dêr't net de dieder sintraal by stiet, mar it slachtoffer. It idee is dat it byelkoar bringen fan dieder en slachtoffer hieljend wurkje kin en se fierder kinne mei har libben. Bauke wol yn in petear mei Jasper S. antwurd op syn fragen. "Ik wol witte wat der gebeurd is, ik wol him yn de eagen sjen."
Marianne Vaatstra waard yn 1999 ferkrêfte en fermoarde by Feankleaster. Jasper S. waard yn 2013 feroardiele ta 18 jier sel. Bauke Vaatstra sil Jasper S. nea ferjaan kinne. "Hjir is gjin herstel mooglik."
Yn de dokumintêre 'Rjocht op Herstel' komme ek slachtoffers en neibesteanden fan oare misdriuwen oan it wurd. De dokumintêre is dit wykein te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje.