Omrop TIP: win it alderlêste plak foar it Grut Frysk Diktee

01 apr 2017 - 08:17

De measte plakken foar it Grut Frysk Diktee binne al ferjûn, mar der is noch ien lêste kâns om mei te dwaan oan it diktee yn de steateseal. Yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân wurdt sneon 1 april (gjin grap) in ‘wildcard’ weijûn foar it diktee op tiisdei 4 april. Mar dat is noch net alles. Earne yn de provinsje is in pakket mei prachtige prizen ferstoppe mei ûnder oare dy ‘wildcard’. Folgje de oanwizingen yn it radioprogramma mei Diana de Groot en meitsje kâns op dat alderlêste plakje.

De aldergrutste oanwizing is miskien noch wol de live-stream dy’t rjochte stiet op it prizepakket. Yn kombinaasje mei de hints yn Sneon yn Fryslân moat it pakket grif te finen wêze. Sjochûnder foar de live-stream. Sneontemiddei om 13.00 oere hinne giet it spultsje los.

Thús op 'e bank meidwaan

Dit jier is it foar it earst mooglik om fia Fryskdiktee.nl mei te dwaan. Mei de laptop op 'e skoat en de telefyzje op Omrop Fryslân kinst dit jier sels dyn Frysk skriuwen teste. It Grut Frysk Diktee is op woansdei 5 april te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje om 17.30, 19.30 en 21.30 oere. Meidwaan oan it Grut Frysk Diktee is dit jier dus noch makliker, it diktee wurdt online nammentlik automatysk foar dy neisjoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)