Frou út Warten botst op Ljouwerter drankrider

© Camjo Media
By in oanriding yn Warten is woansdei oan de ein fan de middei in 49-jierrige frou út dat plak ferwûne rekke. Se joech gjin foarrang oan in auto dy't bestjoerd waard troch in 61-jierrige Ljouwerter.
De frou is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De man hie tefolle dronken, sa die bliken op it plysjeburo. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke. Beide auto's rekken swier skansearre.