Meidwaan oan it Grut Frysk Diktee? Dat kin dit jier online

© Omrop Fryslân
Wa't meidwaan wol oan it Grut Frysk diktee, hoecht dêr dit jier de doar net foar út. Mei de laptop op 'e skurte of foar de telefyzje kin elk syn kennis fan it Frysk teste, it diktee wurdt online nammentlik fuortendaliks neisjoen. It diktee is dit jier skreaun troch Tet Rozendal en wurdt foarlêzen troch Omrop Fryslân-presintatrise Karen Bies.
Bekende Friezen
De bekende Friezen dy’t dit jier meidogge oan it diktee binne: parasportfrou fan it jier Alyda Norbruis, skûtsjeskipper fan it Hearrenfean Sytze Brouwer en syn twillingbroer Harmen, trûbadoer Frerik de Swetser, skriuwster Hilda Talsma, Tryater-akteurs Brecht Wassenaar en Romke Gabe Draaijer, presintator Willem de Vries alias Willem Waldpyk, sjongeres Marit Talens en Omrop Fryslân-presintatrise Afke Boven.
Meidwaan
Minsken dy’t noch hiel graach meidwaan wolle krije sneon 1 april (gjin grap) in lêste kâns. Yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân wurdt in ‘wildcard’ wei jûn foar it diktee op tiisdei 4 april. Earne yn de provinsje is in pakket mei prachtige prizen ferstoppe mei ûnder oare dy ‘wildcard’. Folgje de oanwizingen yn it radioprogramma mei Diana de Groot en meitsje kâns op dat alderlêste plakje.
It Grut Frysk Diktee wurdt op woansdei 5 april om 17.35, 19.35 en 21.35 oere útstjoerd by Omrop Fryslân op telefyzje. Meidwaan kin fia de webside fan it Frysk Diktee.