Slachtoffer ûngelok Lauwersseewei is 34-jierrige Ljouwerter

© De Vries Media
De automobilist dy't woansdei om it libben kaam by in oanriding op de Lauwersseewei, is in 34-jierrige man út Ljouwert. Op de dyk tusken Aldtsjerk en Burdaard kamen woansdeitemiddei om trije oere hinne in auto en in frachtwein mei-inoar yn botsing. De frachtwein wie laden mei pún en kantele dwers oer de dyk nei de klap. De bestjoerder fan de auto wie al ferstoarn doe't de helptsjinten arrivearren.
De 30-jierrige frachtweinbestjoerder út de gemeente Dongeradiel waard nei it ûngelok heard troch de plysje. Nei de oarsaak fan it ynsidint wurdt noch ûndersyk dien.