Pieter de Nes krijt lintsje foar syn wurk yn Kenia

© ANP
Pieter de Nes (76) út Haulerwyk hat in lintsje krigen. De Nes wie foarhinne húsdokter en hat him letter bot ynset foar Kenia. Yn it Afrikaanske lân hat er in basissoalle mei beukerskoalle, in technyske skoalle en koartlyn in skoalle foar fuortset ûnderwiis opset. Dêrnjonken stichte er twa weeshuzen en in âldereintehûs, en soarge er foar in buorkerij en in kleanmakkerij.
De Nes waard ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Boargemaster Oosterman rikte de ûnderskieding út.