Lauwersseewei wer iepen foar ferkear nei deadlik ûngelok
De Lauwersseewei tusken Aldtsjerk en Burdaard hat noch oant woansdeitejûn tsien oere ôfsletten west foar al it ferkear. By in slim ûngelok earder op de middei kaam de bestjoerder fan in auto om it libben. Hy wie yn botsing kaam mei in frachtwein. Troch de klap kantele de frachwein mei grutte betonblokken en oar pún. It wie in ravaazje op de dyk.
Fanwege it ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok en it opromjen fan de wrakken en de rommel op de dyk wie in stik fan de Lauwersseewei oerenlang ticht foar ferkear.