Wurdum wol wol sinnepark, mar net grutter as 5 bunder

By Wurdum is plak foar in sinnepark fan net grutter as 5 bunder. Dêr binne it doarp en de gemeente Ljouwert it oer iens. Woansdeitejûn waard op de fergadering fan Doarpsbelang Wurdum praat oer de lêste plannen foar in sinnepark by it doarp.
It Dútske bedriuw Kronos woe in park fan 41 bunder oanlizze en Groen Leven fan It Hearrenfean ien fan 17 bunder. Beide inisjativen binne troch it doarp en gemeente keard om't se te grut binne en dus net passe by it lytse Wurdum.
Sinnepark yn Blitsaerd
Op dit stuit lizze der ek plannen om yn de wyk Blitsaerd oan de Bonkefeart by Ljouwert in sinnepark fan 8 bunder oan te lizzen. De gemeente is mei de inisjatyfnimmers yn petear en hâldt der rekken mei dat der ek tsjin dit plan ferset komt, lykas yn Wurdum.