Krisis? Wat krisis? Yn de Afkepolder wurde 52 aaien útbret

Ien fan de broedsjes yn de Afkepolder © topentwelonline.nl
Yn de Afkepolder is it perfoast gjin krisis wat de greidefûgelstân oanbelanget. Dat stiet alteast te lêzen op de site Top en Twel Online. It in stik maislân fan in lytse 4 bunder sitte mar leafst trettjin ljippen deun byinoar te brieden. Neisoargers Anne Visser en Eize Leenstra wisten net wat se seagen doe't se ta dy ûntdekking kamen. En dan binne alle lechsels ek noch broedsjes. Der lizze dus mei-inoar 52 ljipaaien dy't útbret wurde.
De twa manlju fan de fûgelwacht sille hiel bot harren bêst dwaan om de aaien te beskermjen.