Minder keninklike ûnderskiedingen yn Fryslân útdield

It tal keninklike ûnderskiedingen dat yn Fryslân útdield wurdt, nimt de lêste trije jier flink ôf. Dat docht bliken út in telling fan de provinsje. Ferline jier waarden yn ús provinsje 131 keninklike ûnderskiedingen útrikt. Oer hiel 2013 wiene dat noch goed 100 mear. Wat de oarsaak foar de delgong is, kin de provinsje net sizze. Opfallend is wol dat der stadichoan mear lykwicht komt tusken manlju en froulju, al krije manlju noch mear as twa kear sa faak in keninklike ûnderskieding as froulju.
De heechste ûnderskieding dy't ferline jier útdield waard, is dy fan Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Dêrfan gongen der twa nei de bruorren Anker. De measte lintsjes waarden útdield op keningsdei, 92 fan de 131. Skiermûntseach wie de iennige gemeente yn Fryslân dêr't ferline jier hielendal gjin keninklike ûnderskieding útdield waard.