FIDEO: Portret fan de boerefamylje Bos yn Boalsert

In slim trekkerûngelok en de tongblier-krisis, dat binne de sintrale tema's yn de lokaasjefoarstelling 'Koning van het Grasland', oer in boere-echtpear dat har houlik besiket te rêden nettsjinsteande alle tsjinslach dy't op har paad komt. It toanielstik wurdt fan ein maaie ôf opfierd op ferskate boerepleatsen yn Fryslân.
Omrop Fryslân giet op besite by fjouwer fan dy pleatsen mei de fraach: wat driuwt je om boer te wêzen? Woansdei de twadde ôflevering: de famylje Bos yn Boalsert.
Yn de earste ôflevering stie de famylje Kruis yn Heech sintraal.