Royal A-ware wreidet tsiismakkerij op It Hearrenfean út

Royal A-ware wreidet de tsiismakkerij op It Hearrenfean út. Dêr is 100 miljoen liter ekstra molke foar nedich. De fraach nei tsiis-spesjaliteiten nimt ta en om oan dy groeiende fraach fan nasjonale en ynternasjonale kliïnten foldwaan te kinnen is foar útwreiding keazen. It bedriuw siket nije melkfeehâlders út de fiif noardlike provinsjes dy't gongbere, greide- of biologyske molke leverje.
Twa jier lyn is de tsiismakkerij begûn. "We kunnen deze stap nu al zetten omdat de vraag van onze klanten naar premium Hollandse kazen en kaasspecialiteiten groeit. Niet alleen in Nederland en Europa, maar ook daarbuiten," fertelt Klaas de Jong fan it bedriuw.
By de bou is doe al rekken hâlden mei de mooglikheid om de produksjekapasiteit út te wreidzjen. It wurdt sa makke dat in soad ferskillende resepten en foarmen makke wurde kinne. De tsiis-spesjaliteite-produksje wurdt nei alle gedachten ein 2018 yn gebrûk nommen. Oant dy tiid binne tsiismakkers dwaande om apparatuer te ûntwikkeljen en te yntegrearjen yn it fabryk.