Wurdum ferbjustere oer nij plan foar grut sinnepark

© ANP
Groen Leven Heerenveen wol in sinnepark fan 17 bunder by Wurdum oanlizze. It Feanster bedriuw hat in fergunning oanfrege foar in park oan de westkant fan de Werpsterdyk. Yn it doarp wurdt ferbjustere reagearre op de plannen, foaral nei't ferline wike dúdlik waard dat plannen fan in Dútsk bedriuw foar de oanlis fan in sinnepark fan 41 bunder net trochgean om't it fierstene grut wie.
''Wy driigje no op 'e nij ynsletten te wurden troch in hiele grutte sinnegreide, tichtby it doarp'', seit it aksjekomitee dat him tsjin de plannen keart. Neffens it komitee kin der neat dien wurde oan de komst fan in grut sinnepark sa lang't it bestimmingsplan net oanpast is. Se sille dat woansdeitejûn oan de oarder stelle by de ledegearkomste fan doarpsbelang.