Ingelske bus mei militêren oan it spûkriden

De Ingelske bus (hjir wer op it rjochte paad) waard begelaat nei syn einbestimming © Omrop Fryslân, Aise van Beets
In Ingelske bus hat tiisdeitejûn in skoft lang oan de ferkearde kant fan de dyk riden. De spûkridende touringcar wie ûnderweis nei Makkum, mar koe it paad net fine. Oplettende bestjoerders seagen by dat de bus gefaarlik ried en bellen de plysje. Dy koe de bus oan de kant sette.
Bliken die dat de sjauffeur noch nea op it fêste lân fan Europa riden hie. Hy moast militêren fan de oefening Frisian Flag werom nei Makkum ta bringe en koe it paad net fine. De bestjoerder hie net dronken. De plysje hat him begelaat nei syn einbestimming.