Luciano Slagveer giet fuort, petearen mei Bijker en Schmidt

Luciano Slagveer giet nei dit seizoen fuort by Sportklup Hearrenfean. De klup makket gjin gebrûk fan de opsje yn syn kontrakt. Ek de opsje yn it kontrakt fan Lucas Bijker wurdt net brûkt, al wol Hearrenfean wol yn petear mei de spiler oer in nij kontrakt. Itselde jildt foar Doke Schmidt.
Der komme ek petearen mei beloftespilers Jordy Bruijn, Joris Voest en Rannick Schoop. Willem Huizing hat fan de kluplieding te hearren krigen dat er in nije klup sykje mei.