Museum foar hast ferdwûne bewegingen

Netbreidzje, wylgetienen flechtsje, seinemeane, de wask dwaan op in waskboerd of komelke binne bewegingen dy't net folle mear sjoen wurde. It binne saneamde 'hast fergetten bewegings', dy't yn in spesjaal digitaal museum opslein wurde moatte, sa is it plan fan Simon Tijsma fan de provinsje en Tim Laning fan Grendel Games.
It Museum of Almost Lost Movements (MALM) moat in on-line museum wurde mei trijediminsjonale bylden. De bedoeling is dat eltsenien mei in saneamde 3D-motion-capture-applikaasje sels bewegingen fêstlizze en uploade kin.
Ferslachjouwer Ronnie Porte makke foar Finster op Fryslân in reportaazje oer it museum foar hast ferdwûne bewegingen.