Kontrakten seis Cambuurspilers formeel opsein

© Omrop Fryslân
It kontrakt fan seis Cambuurspilers is formeel troch de klup opsein. It giet om Leonard Nienhuis, Djavan Anderson, Michiel Hemmen, Harm Zeinstra, Delvechio Blackson en Jergé Hoefdraad. It opsizzen fan de kontrakten moat wetlik sjoen foar 1 april barre. Dat betsjut lykwols net dat der gjin fierdere gearwurking wêze sil tusken Cambuur en de seis spilers.
Ek de kontrakten fan Erik Bakker en Robbert Schilder rinne oan de ein fan dit seizoen ôf, mar mei harren is de klup noch yn petear oer in langere gearwurking.