Militêr wurdt wekker út koma nei oanriding yn Makkum

De man waard fan achteren oanriden troch in auto en rekke dêrby yn koma © Postema Media
De Britske militêr dy't fan 't wykein yn Makkum oanriden waard troch in auto is wer by kennis. Dat hat de Fleanbasis Ljouwert witte litten. It giet nei omstannichheden goed mei him.
It 33-jierrige slachtoffer waard fan achteren oanriden doe't er op de Warkumerdyk rûn. Hy rekke dêrby yn koma. De automobilist ried dêrnei troch, mar melde him letter op it plysjeburo. Syn auto waard fanwege it ûndersyk yn beslach naam.