Harns besiket de tried wer op te pakken nei treinûngelok

Harns bekomt stadichoan fan de skrik nei it treinûngelok fan moandei dêr't in heit en syn soantje fan 3 by om it libben kamen. Op skoalle en de berne-opfang dêr't it jonkje op siet, krije de bern ekstra omtinken. Besocht wurdt om de tried wer op te pakken.
Alden fan bern dy't by it ûngelok wiene, binne frege dat by de húsdokter te melden sadat se gau help krije kinne, as dat nedich is. Op de Prins Johan Frisoskoalle sit noch in âlder suske fan it 3-jierrige jonkje.
Warskôgingsbuorden
Op de spoaroergong dêr't de trein de auto skepte, binne tiisdei de earste feilichheidmaatregels nommen. Sa binne der ekstra warskôgingsboerden delset en betonpeallen fuorthelle dy't yn 't sicht fan de oergong stean. Minsken hawwe ek blommen dellein.