Hûnen en katten yn it fersoargingshûs

28 mrt 2017 - 14:16

It soarget faak foar in soad fertriet: as minsken nei in fersoargingshûs moatte en de hûn of kat kin net mei. Want bisten jouwe gesellichheid en as se der net mear binne, is dat in gemis. Soarchgroep Meriant op It Fean wol dêr wat oan dwaan. Fia it stabijprojekt keppelje se minsken mei harren hûn of kat oan âlderen dy't yn in fersoargingshûs wenje. Der binne al mear as 20 frijwilligers dy't mei harren hûn delkomme. Yn Wolvegea is ien frijwilliger mei in kat. De frijwilligers krije wol in training, benammen om stress by de bisten te werkennen.

De hûnen en katten wurde ek medysk keurd troch in bistedokter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)