Twa faasjeduvels by Drachten pakt
By snelheidskontrôles lâns de Suderhegewei yn Drachten en op de Wâldwei hat de plysje tiisdeitemoarn twa kear in proses-ferbaal útdield. Beide kearen rieden de bestjoerders fan 30 en 47 jier hast 50 kilometer hurder as tastien is.