Klaarkampsterbrêge letter yn gebrûk

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It wurk oan de Klaarkampsterbrêge oer de Dokkumer Ie by Sibrandahûs duorret langer as ferwachte. Yn alle gefallen kin de brêge oant ien april net iepen foar skipfeartferkear. Auto's kinne wol gewoan oer de brêge ride. Eins hie it wurk foarige wike al klear wêze moatten. De fertraging is ûntstien trochdat it systeem dat de brêge iependraait net goed ôfsteld is. De oannimmer siket in oplossing.