Blaffende hûn foarkomt ynbraak yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In blaffende hûn hat moandeitenacht foarkaam dat der yn in wenning oan it Molenpad yn Ljouwert ynbrutsen is. De ynbrekkers naaiden út, doe't de hûn begûn te byljen. Yn trije oare huzen is ek besocht yn te brekken. By wenten oan Achter de Hoven en de J.W. Frisostrjitte waard besocht de foardoar iepen te brekken. Oan de Monsmastate woene ynbrekkers fia de achterdoar yn hûs komme, mar dat slagge ek net. Tsjûgen seagen yn de Monsmastate twa jonges fuortrinnen.