Persoanlike eigendommen fan Mata Hari ûnder de hammer

De feiling fan persoanlike foarwerpen fan Mata Hari (1876-1917) en har famylje hat moandei mear as 45.000 euro oplevere. Yn it feilingsgebou De Zwaan yn Amsterdam kamen in soad belangstellenden op de ferkeap ôf. Ek brochten minsken telefoanysk en fia de mail harren bod út. Topstikken wienen neffens Julia de Jong fan De Zwaan it portret fan Mata Hari fan de Frânske skilder Henri Rudaux, in brosj, en in brief fan Mata Hari. "Het schilderij leverde uiteindelijk 6600 euro op, de brief 1.700 euro en de brosj 3.300 euro," sa fertelt De Jong.
Portret fan Mata Hari
Johan brocht it heechste bod út op it skilderij fan Mata Hari en mei it portret dus mei nei hûs nimme. "Ik vond hem heel mooi en er zit ook een stuk geschiedenis aan vast. De kwaliteit van het werk is niet heel goed, het is van papier en het is ook niet goed ingelijst geweest, maar ik ben er heel blij mee." It skilderij is nei alle gedachten makke troch Henri Rudaux, koart foar har eksekúsje. Johan ferfolget: "Dat was mogelijk haar minnaar. Bijzonder is dat dit volgens mij het enige schilderij is dat van haar is gemaakt. Er waren wel tekeningen en foto's van haar, maar geen schilderijen. De liefde van de schilder voor Mata Hari blijkt uit het werk. Ik ga het nu in mijn woon- of slaapkamer hangen, puur uit liefhebberij."
Skriuwe oan it buro fan Mata Hari
Harriët Jellema kocht it buro fan Mata Hari foar in bedrach tusken de 200 en 300 euro. "Ik was eigenlijk op zoek naar iets kleins van Mata Hari, haar visitekaartje. Maar haar buro kwam eerst onder de hamer. Ik houd zelf erg van Fin De Siècle meubilair en toen niemand bood, heb ik dus maar een bod gedaan en dat pakte goed uit."
Fries Museum bea mei by de feiling
It Fries Museum kocht ûnder oare it berteboek fan de bern fan Mata Hari, in rinkelbel fan soan Norman en in brosj dy't se koart foar har arrestaasje oan in freon joech. Konservator Yves Rocourt fan it museum is út 'e skroeven. "We zijn waanzinnig blij met wat we allemaal hebben kunnen kopen." Oer wat it koste hat, wol Rocourt net folle sizze, de histoaryske wearde fynt er it belangrykst. "Ik hoop dat alles in Fryslân blijft, waar het zou moeten zijn."
It Fries Museum makket in grutte tentoanstelling oer Mata Hari. Dy is fan 14 oktober 2017 oant en mei 2 april 2018 te sjen.