Boer Sijtsma: "Ferskriklik dat dit ûngelok op ús hiem barde"
Boer Hindrik Sijtsma út Harns fynt it ferskriklik dat der moandeitemoarn twa deaden fallen binne troch in ûngelok op de spoaroergong by syn hiem. In 31-jierrige Harnzer en syn 3-jierrige soantsje soenen mei de auto fan syn hiem ôf it spoar oerstekke, doe't se troch in foarbyridende trein skept waarden. "Ik rûn krekt by de minsken wei, ik soe de stâl yn. Ik seach it net barren, mar ik hearde it en doe wist ik it fuortendaliks wol wat der oan de hân wie."
Utstapke nei de boer
De heit en syn soan makken diel út fan in útstapke om lamkes te sjen by de boer. De bern kamen fan de Prins Johan Frisoskoalle yn Harns. It jonkje siet op de berne-opfang dy't by de skoalle heart. "Se kamen krekt by ús wei. We kinne no inkeld riede wat der krekt bard is. Miskien sieten de heit en it jonkje wol mei-inoar te praten oer hoe moai oft se it hân hienen. We witte it net, mar dit is ferskriklik, sa'n berntsje mei in hiel libben noch foar him, en syn heit. Mar it slimste is it fansels foar de neibesteanden. Ik fyn it hiel slim dat dit by ús op it hiem bard is en we sille der alles oan dwaan dat dit net wer barre sil."
Grut wurden by spoaroergong
Sijtsma wennet syn hiele libben al by de spoaroergong. "As jo goed útsjogge, dan kin der neat barre. Wy binne der mei opgroeid. We sjogge altyd nei de lampen en we sjogge út foar't we oerstekke. It wie hjoed helder waar, dat it sicht wie goed." Der komme faker minsken by Sijtsma op it hiem. "We hawwe al fjouwer kear earder sjoen dat it krekt, echt krekt, goed gie. Dat woenen wy net wer en dêrom hawwe wy kontakt socht mei ProRail om te sjen oft it ek oars koe."
Underhanneling mei ProRail
Sûnt jannewaris dit jier is Sijtsma mei ProRail yn ûnderhanneling oer in oplossing. "Dat wie dus al foar it ûngelok yn febrewaris op ditselde plak. It is no allinnich noch in kwestje fan tiid foar it kreëarjen fan in feilige situaasje," sa seit Sijtsma. "ProRail heft de oergong leaver op, as dat se ekstra befeiligje moatte. Fan it simmer soenen we dwaande mei in dyk troch it lân nei de Ludingawei. ProRail en ik wolle der alles oan dwaan dat dit nea wer barre sil."