UNIS Flyers makket trije nammen foar nije seizoen bekend

© Nicolien Sijtsema
De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe al trije nammen fêstlein foar it seizoen fan takom jier. Oanfallers Marco Postma en Ronald Wurm hawwe beide in kontrakt dat trochrint, wylst ferdigener Pippo Limnell Finocchiaro syn kontrakt ferlinge hat. Alle trije spilers spylje al inkele jierren foar UNIS Flyers, en sille dus ek takom jier wer op it iis fan Thialf te sjen wêze. "Met deze drie spelers hebben we een goede basis gelegd voor het komende seizoen," sa seit technysk bestjoerslid Marcel Nijland.
De kommende wiken sille der noch mear petearen hâlden wurde mei oare spilers dy't foar in ferlinging steane.