Roel Sluiter: "Ernstig spoorwegongeluk"

"Een ernstig spoorwegongeluk, waarbij een personenauto gegrepen werd door een trein en waarbij, heel akelig, een groep 4- en 5-jarigen was," sei boargemaster Roel Sluiter fan Harns by de parsekonferinsje yn syn gemeente nei it ûngelok by de spoaroergong dêr't moandei twa minsken omkaam binne. "Met vrijwel volledige zekerheid kunnen we zeggen dat er twee slachtoffers zijn te betreuren. Over de identiteit kunnen we nog niets zeggen, want de familie is nog niet volledig ingelicht."
Pier Eringa fan ProRail fertelde dat dizze oergong útrêste wie mei knipperjende ljochten, wyt as der gjin trein oankomt en read as der in trein oankomt. It bedriuw wie al mei de boer yn petear oer it spoar dêr't er oer hinne moat om nei syn pleats te kommen om ta in oplossing te kommen. De plannen en it jild wienen klear.
Yn Nederlân binne hûnderten fan sokke partikuliere oergongen dêr't net folle ferkear del komt en wat gjin iepenbiere dyk is. Dy falle bûten de eardere plannen fan ProRail om spoaroergongen sûnder bewaking op te romjen of te befeiligjen.