Twa deaden by botsing tusken trein en auto by Harns

By in botsing tusken in trein en in auto by Harns binne moandeitemoarn twa minsken omkaam. It ûngelok barde op de oergong oer de Alde Trekwei. De auto waard skept troch de trein en sa'n 250 meter meisleept oer it spoar.  Yn de auto sitte in folwoeksene en in bern. Se hearre by in groep dy't mei in basisskoalle út Harns de pleats njonken it spoar by lamkes sjoen hiene.
UPDATE:  De plysje lit witte dat se nei ûndersyk gjin oare ynsittenden mear oantroffen ha yn de auto. De identiteit fan de twa is net bekend.
Alle jierren komme bern by de boer om lamkes te sjen yn de maitiid. Op de skoalle wurdt slachtofferhelp oanbean.
Troch de botsing tusken de trein en de auto ride der gjin treinen tusken Dronryp en Harns. Reizgers moatte rekken hâlde mei fertraging, der wurde bussen ynset.
Begjin febrewaris wie der op deselde oergong ek al in ûngelok. Doe rekke in frou ferwûne.