Jorco van Hezel ferlinget kontrakt by Harkemase Boys

© awfoto.nl
Jorco van Hezel spilet ek folgjend seizoen by Harkemase Boys. De 28-jierrige fuotballer is dwaande mei syn twadde seizoen op De Bosk. Yn syn earste twa seizoenen is er oant no ta yn 42 offisjele wedstriden yn aksje kaam. Hy skoarde seis kear.
Van Hezel is de fjirtjinde spiler fan de A-seleksje dy't syn kontrakt ferlinget. De fuotbalklup hat fjouwer nije spilers oanlutsen.