"Spoarnetwurk yn it Noarden moat oanpakt wurde"

It Nederlânske spoarnetwurk moat de kommende tweintich jier yngripend ferbettere en útwreide wurde. En der moat in Deltaplan komme om dêr foarm oan te jaan. Dat fynt Holland Rail Industry (HRI).
Ek it Noarden moat flink oanpakt wurde. Sa wol it HRI in fersnelde elektrifikaasje en in ferdûbeling fan it spoar op it trajekt Ljouwert-Grins. Ek soe der in rappe ferbining komme moatte mei it Noarden fanút de Rânestêd. Dêrtroch wurde krimpgebieten yn it Noarden better berikber en wurde sa oantrekliker om yn te wenjen.
HRI is de ûndernimmersferiening foar ûntwerpers, leveransiers en bouwers yn de Nederlânske spoarweisektor. Sy fine in drastyske ferbettering nedich om de taname fan it tal passazjiers op te fangen en de duorsumheid en mobiliteit te ferbetterjen.