Fryske film Dilemma fan Auke de Witte falt yn de prizen

Dilemma fan Auke de Witte
De Frysktalige film Dilemma fan regisseur Auke de Witte fan Frjentsjer hat dit wykein de earste priis wûn op it NOVA-Noord Filmfestival yn Haren. Dat is in festival foar amateurfilmers. De sjuery kende de priis ta foar bêste film en foar bêste kamerafiering. Dilemma krige boppedat ek noch de publykspriis.
De Witte makke earder de misdiedthriller Bak, nei in boek fan Sietze de Vries. Dy film waard ek by Omrop Fryslân útstjoerd en wie dêrnei mei Ingelske ûndertitels op in filmfestival yn it Dútske Husum te sjen.