Snits Wyt Swart lâns RKHVV, ferlies foar VV Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Haadklasser Snits Wit Swart hat snein mei 1-0 de útwedstriid tsjin RKHVV Huissen wûn. It iennige doelpunt fan de wedstriid waard makke troch Wieger Zwaan, yn de twadde helte. Dyselde Zwaan hie yn de earste helte ek in grutte kâns. Hy gie allinnich op de keeper fan RKHVV ôf, mar dy koe troch it rêding de 0-0 feilichstelle. De Snitsers stean no op it sechsde plak.
VV Hearrenfean moast snein yn De Meern letterlik syn meardere erkenne. De Friezen ferlearen de wedstriid op it eigen fjild mei mar leafst 5-0. Dêrtroch sakje se nei it 14e plak.