Alvestêdehal: folle mear besikers as ferwachte

De Alvestêdehal yn Ljouwert hat in poerbêst earste jier achter de rêch. Yn it earste jier kamen der goed 200.000 reedriders nei Ljouwert. Dat is sa'n 50.000 mear as ferwachte. Dat seit direkteur Johan van der Kooi. De ekstra tastream fan besikers soarge foar hegere ynkomsten en ek foar hegere kosten. It jier is mei in geunstich saldo ôfsletten.
Neffens Van der Kooi foarmet de hal yn Ljouwert in prachtige oanfolling op Thialf. Ljouwert rjochtet him op de breedtesport en It Hearrenfean op de topsporters en de grutte wedstriden.
Wol is it sa dat in tal riders út de omkriten fan Ljouwert en út it noarden fan de provinsje no net mear nei Thialf ta giet. Van der Kooi hopet dat út dy regio aansens ek talinten trochbrekke sille.
Snein wie de lêste dei fan it seizoen mei as ôfsluter it Nederlânsk kampioenskip belslydjeien. Dêr kamen sawat tûzen minsken op ôf.