LDODK ferliest earste play-offwedstriid fan TOP

De kuorballers fan LDODK hawwe snein de earste play-offwedstriid ferlern fan TOP. It waard úteinlik 24-20 yn Sassenheim. De Friezen seagen al by de rêst tsjin in achterstân fan twa punten oan. It stie doe 13-11 foar TOP. Nei it skoft rûn TOP fluch út en sloech de ploech in gat fan sân punten. LDODK koe noch weromkomme, mar dat wie net genôch.
Neffens LDODK-coach Erik Wolsink hat TOP fertsjinne wûn en wiene se de bettere ploech. Sneontejûn is de twadde wedstriid op 'e Gordyk.