Team-Mulier yn Gana, jonkjes fuotbalje yn Fryske shirts

Ganeeske jonkjes yn Fryske fuotbalshirts fan SV Mulier © SV Mulier
Bern yn it Afrikaanske lân Gana spylje yn Fryske fuotbalshirts. It giet om shirts fan SV Mulier yn Wytmarsum. It begûn dermei dat Ivo Haitsma oan SV Mulier frege oft se ek shirts oer hiene. Syn mem soe op besite by in famylje dy't in beachresort dêr runt by it kustplak Elmina. Dat bedriuw helpt ek minsken yn de omkriten dy't it net breed hawwe.
SV Mulier stelde tritich shirts beskikber. De hiele skoalle rûn út om it nije guod te besjen. It Ganeeske Mulierteam wie gau foarme, en der rûn ek in jonkje om yn it Hearrenfeanshirt.