Waylon, Di-Rect en Rondé haadacts op festival yn Jobbegea

© Omrop Fryslân
Waylon, Di-Rect en Rondé binne de haadacts op it Expansiefestival yn Jobbegea. Oare dielnimmende acts binne Pappi di Grazzi, Vangrail, Bökkers, Boulevard, Jannes, The Wetnecks en de Høksons.
De tolfde edysje fan it festival fynt plak fan 7 oant en mei 11 septimber. Alle dagen hawwe in eigen tema. Freed is it 'Bierfest', sneon 'Nei simmerfestival' en snein 'Rockey Farmers'. Moandei is it tributedei, mei neispylbands fan CCR, Doe Maar, ABBA en Bruce Springsteen. De Fryske jierren '70-band Green Apple jout ek in optreden.