Petysje foar behâld Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum

It Ferdinand Domela Nieuwenhuis Fonds is in petysje begûn om foar te kommen dat it museum út It Hearrenfean ferdwynt. It museum makket diel út fan it Museum Heerenveen. De gemeente is fan doel om 65.000 euro te besunigjen op de subsydzje foar it museum. Dat hâldt dan noch in jierliks budzjet oer fan hûnderttûzen euro.
Dat is te min om Museum Heerenveen yn stân hâlde te kinnen, seit it bestjoer. Dat betsjut dat ek it Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum mei sluting bedrige wurdt en de kolleksje út Fryslân ferdwynt.
Stipe út it hiele lân
De petysje om dit foar te kommen, is al hast 500 kear ûndertekene. De stipe komt út it hiele lân, fan histoarisy en heechleararen oant gemeenteriedsleden en keunstners. De gemeenteried fan Hearrenfean sprekt him op 10 april út oer de besuniging.
Neffens siktaris Bert Altena fan it Ferdinand Domela Nieuwenhuis Fonds is it museum op It Hearrenfean by útstek op syn plak, ûnder oare omdat fan dêrút Domela Nieuwenhuis as earste sosjalist yn de Twadde Keamer kaam. Sûnder it museum is it ferhaal fan de skiednis fan It Hearrenfean net kompleet, seit Altena.