Man oppakt foar opstekken middelfinger nei Dokkumer plysje

Oanhâlding © ANP
In 50-jierrige man út Nieuw-Amsterdam (Drinte) is sneontenacht yn Dokkum oanhâlden foar mislediging fan de plysje. De man seach surveillearende plysjes troch it sintrum fan de stêd rinnen en stuts syn middelfinger nei harren op. Hy waard dêrop meinaam nei it plysjeburo foar ferhear. Hy krige dêr in proses-ferbaal en mocht doe it buro wer ferlitte.
Yn Dokkum waarden sneintenacht in 22-jierrige man en in 24-jierrige man oppakt nei misdragingen yn in hoarekagelegenheid. Doe't de plysje de manlju op de misdragingen oanspruts, woene se net meiwurkje. Uteinlik binne se oanhâlden en moasten se mei nei it plysjeburo.