Parkearre auto útbaarnd yn Koatstertille

Yn Koatstertille is sneon oan it begjin fan de jûn in auto útbaarnd. De wein wie delset oan de Oastkern. De brânwacht wie der rap by en hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De auto kin nei de brân as ferlern beskôge wurde. In berger sil him fuortslepe. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.
Der wie sneon ek in lyts brantsje yn Drachten. Efkes foar fjouweren fleach oan de Berchleane in papierkontener yn de brân. De brânwacht hie it fjoer gau út. Ek dêr docht de plysje ûndersyk nei de oarsaak.