Alles wûn, burden Flyersspilers kinne der no ôf

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe wiken it burd stean litte yn de hope dat it derôf kin as se kampioen wurde. Dat is no slagge. Se binne freed kampioen fan België en Nederlân wurden. Dêrmei hawwe se hast alles wûn wat der te winnen falt: de lânstitel, de beker en no ek de BeNe League.
Nei de winst koene de burden derôf. Dat barde sneontemiddei yn Thialf, dêr't de spilers ûnder hannen naam waarden troch kapper Paul Kingma.
Sneintemiddei is der in einfeest foar de spilers yn Thialf. Tiisdei is de huldiging.