Gjin Nova Zembla Experience yn loads oan Willemshaven Harns

Harns giet net fierder mei de inisjatyfnimmers fan de Nova Zembla Experience. De gemeente gie yn 2014 in yntinsje-oerienkomst oan mei de inisjatyfnimmers fan it 'Doe en Experience Centrum', dat yn de eardere houtloads fan Hubert Jans oan de Willemshaven komme moatten hie.
De plannemakkers krigen in startsubsydzje fan de provinsje om de plannen fierder út te wurkjen. Mar neffens de gemeente is der noch hieltyd gjin helber plan en dêrmei ferfalt de oerienkomst. Harns wol no fierder mei oare inisjativen foar de Nije Willemshaven.
De plannen foar in permaninte útstalling oer Willem Barentsz en ûnder oare de skiednis fan de Harnzer skipsbou yn de Willemshaven yn Harns geane dus net troch. "Het is een behoorlijke teleurstelling," seit Gerald de Weerdt, ien fan de inisjatyfnimmers. "We hebben er jarenlang aan gewerkt en er enorm veel uren ingestopt. Spijtig dat het vastloopt op de financiering." Der wurdt noch besjoen oft de útstalling yn lytsere foarm dochs noch in plakje krije kin by de werf.
It skip dat se dêr bouwe, de rekonstruksje, moat dizze simmer klear wêze en wurdt dan te wetter litten.