Noch fragen by omwenners oer sinnepark by Burgum

Enerzjykonsern Engie wol by de Burgumermarsintrale by Burgum in sinnepark fan fiif hektare oanlizze en in dongfergister bouwe. Engie hat dêrfoar ferline jier goed 5,3 miljoen euro oan subsydzje krigen fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Mei dat jild moat fyftjin jier sinne-enerzjy produsearre wurde. Op de gearkomste foar omwenners wienen sneon noch wol wat fragen oer de plannen fan Engie.
De ynwenners stypje de duorsume plannen wol, mar binne benammen benaud dat de dongfergister liede sil ta stjonkoerlêst. Neffens Micheal Verheul fan Engie sil dat lykwols wol tafalle en wurdt der mei de omwenners socht nei in goede wurkwize.