Ljouwerter drankrider rekket rydbewiis kwyt
In 25-jierrige drankrider út Ljouwert is freedtenacht syn rydbewiis kwytrekke. Plysjes seagen dat de man by it fuortriden op de Willemskade tsjin in oare auto botste.
Ut in kontrôle die bliken dat de man mei tefolle drank op achter it stjoer siet. Hy moast syn rydbewiis ynleverje en krige in rydferbod fan njoggen oeren.