Fuotgonger rekket swierferwûne by oanriding yn Makkum

Yn Makkum is freedtejûn in fuotgonger swierferwûne rekke, nei't er troch in auto oanriden wie. It giet om in 33-jierrige Britske militêr dy't fanwege de oefening Frisian Flag yn Makkum ferbliuwt. De man wie mei kollega's te stappen west en waard by de fiskwinkel oan de Warkumerdyk fan achteren oanriden. It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. Hy leit yn koma.
De bestjoerder fan de auto is nei it ûngelok trochriden en is noch net fûn. De plysje siket tsjûgen en ropt minsken op dy't yn Makkum en omkriten in auto mei skea sjogge, dat te melden. It rút fan de belutsen auto moat neffens de plysje grutte skea hawwe.