Auto fljocht út 'e bocht op ôfrit A31 by Dronryp

By in iensidich ûngelok by Dronryp is freedtejûn in automobilist ferwûne rekke. De man fleach yn de bocht fan de ôfrit fan de A31 nei Dronryp út de bocht. Omstanners hawwe earste help ferliend yn ôfwachting fan de helptsjinsten, dy't der al wiene. De traumahelikopter wie ek oproppen.
De brânwacht hat de man út de auto knipt en oerdroegen oan it ambulânsepersoniel. It slachtoffer wie oansprekber, mar makke in betize yndruk, sa melde de plysje. It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it MCL yn Ljouwert.
De plysje hat de ôfrit nei Dronryp ôfsletten foar ûndersyk.