Fermiste Sake de Jong út Bûtenpost is wer oantroffen
De 21-jierrige Sake de Jong út Bûtenpost dy't sûnt woansdei fermist wie, is freed wer oantroffen. Hy wie twa dagen lyn rinnende fan hûs gien en waard dêrnei net mear sjoen. It giet fierder goed mei him.
Minsken dy't him sjoen hienen of wisten wêr't er wie, waarden oproppen dit troch te jaan oan de plysje.