"Folop fleurichheid, nije enerzjy en nocht oan rollebolje"

It is no echt maitiid en dat docht wat mei minsken. Dat die ek bliken op de Ljouwerter freedsmerk: "Hearlik! Dan kinne we wer nei bûten!" En: "Ik wurd dêr echt fleurich fan, nije wike bringe wy de caravan wer nei de camping en dan kin it mar wer begjinne." De stoffekeapman fertelde dat er, nei't er âlder wurdt, mear waargefoelich wurdt. De tasseman fernimt dat mei it bettere waar ek de hannel wer tanimt.
Guon minsken wurde echt stipe troch it waar: "Wy hawwe thús in soad tsjinslach, mar as de loft dan helder is en de sinne skynt, jout dat ús in stik bemoediging." Doe't in senior fertelde dat er yn dizze tiid altyd wer nocht krijt om 'te rolleboljen', koe hy rekkenje op in soad hilariteit en krige er fuortendaliks de kwalifikaasje 'ouwe bok'. It maitiidswaar jout ek nije enerzjy om wer ris wat nijs oan te pakken. Sa wie immen in nij bedriuw begûn, hie in stel meidien oan NL-Doet en hie in frou in fyts mei in lege ynstap kocht: "No kin ik der wer ris mei de fyts op út!"