Gemeente Amelân leit boustop op oan fakânsjepark Boomhiemke

De gemeente It Amelân hat in boustop oplein oan fakânsjepark Boomhiemke by Hollum. It is de bedoeling dat der fakânsjehúskes komme op it terrein dêr't earder caravans stienen. Foar dy sjalets binne gatten groeven foar de fundearring en dat komt net oerien mei de kampearbestimming fan it park, sa stelt de gemeente. Foar de ôfgravingen is in omjouwingsfergunning nedich en dy is net oanfrege, seit de gemeente It Amelân.
Kampearmiddels
It terrein is bedoeld foar it pleatsen fan kampearmiddels lykas tinten, tintweinen, kampearauto's of steancaravans. Dêrby jildt dat in steankaravan net op in fundearring stean mei en altyd mobyl te meitsjen wêze moat. Dat giet net op foar de sjalets op Boomhiemke. De boustop is oplein oan de eksploitaasjemaatskippij Duynpark Boomhiemke B.V. Dat ûntwikkelet it projekt foar ferhierder Roompot.
''Wij gaan niet ver buiten de wet''
Projektûntwikkeler Leon Jobse seit: ''De lodges zijn eigenlijk luxe stacaravans, alleen is het afwerkingsniveau een stuk hoger. De lodges hebben wielen maar die willen we er liever niet onder zetten. Dat gaat na een paar jaar maar roesten.'' As it moat, dan set er de tsjillen derûnder. ''Wij gaan niet ver buiten de wet.'' Dochs graaft er de sjalets it leafst yn. ''We doen het liever gewoon goed. De vraag is of je een caravan mag ingraven of niet. Een tuinhuisje graaf je toch ook in!"
Oerlis
De projektûntwikkeler is yn oerlis mei de gemeente en hopet dat se der mei in pear wiken út binne, sadat de lodges ôfboud wurde kinne en noch yn de maaiefakânsje ferhierd wurde kinne.