Libje as in diabetespasjint: fiif studinten besykje it

Fiif studinten fan de Ljouwerter hegeskoalle NHL besykje dizze wike te libjen as in diabetespasjint. Sa wolle se de sitewaasje fan diabetespasjinten by in grutter publyk ûnder de oandacht bringe. Se tinke goed om wat se ite, en se mjitte seis kear deis om it gehalte fan it sûker yn it bloed te mjitten.
It is de bedoeling dat de studinten dat oant en mei it wykein folhâlde.