Man fljocht mei 150 troch Drachten: auto en rydbewiis kwyt
De plysje hat tongersdeitejûn yn Drachten it rydbewiis en de auto ôfpakt fan in bestjoerder dy't mear as 150 kilometer yn de oere ried op in dyk dêr't er mar 50 mocht. Dat wie op de Suderhegewei. Nei de wetlike korreksje die bliken dat de man 98 kilometer yn de oere te hurd riden hie.